'Grutte skaal bedriget Frysk'

Gemeentlike weryndielings en de fúzje fan de noardlike rjochtbanken binne in bedriging foar de posysje fan it Frysk. Dat skriuwt it Konsultatyf Orgaan (KO) yn har jierferslach oer 2012. It KO hat yn 2012 it Ryk fiif kear advisearre oer saken as de fúzje fan de rjochtbanken, it Frysk oan de Universiteit fan Grins en gemeentlike weryndielings.
By weryndielings en by de fúzje fan de rjochtbanken mei de posysje fan Fryskpraters der net op achterút gean. Sûnder goeie ôfspraken dêroer driget dat wol, sa skriuwt it KO.
De eardere rjochtbank Ljouwert is opgien yn de rjochtbank Noard-Nederlân. Rjochters út Grinslân en Drinte 'sitte' ek yn Ljouwert. It KO hat de minister in 'yngeand advys' stjoerd om der goed om te tinken dat de posysje fan it Frysk net tekoart dien wurdt en Fryskpraters gewoan Frysk prate kinne, as se dat wolle. It KO tinkt dêrom dat der mear tolken Frysk nedich wêze sille by de rjochtbank. Der binne no mar in pear beëdige tolken Frysk. Om it tal tolken Frysk út te wreidzjen soene Ryk en provinsje oerwaagje moatte om tolken yn oplieding temjitte te kommen yn 'e stúdzjekosten.
It Konsultatyf Orgaan is fyftjin jier lyn oprjochte om it Ryk te advisearjen yn it ramt fan it Europeesk hânfêst foar minderheidstalen fan de Ried fan Europa. Yn dy fyftjin jier hat it KO it noch noait sa drok hân, sa skriuwt de organisaasje yn har jierferslach.