Gjin koart pleit It Fean-VI

Foarsitter Johan van Tuinen fan sakeklup OSSH op de nijjiersresepsje © Martin de Jong
It koart pleit dat SC Hearrenfean en direkteur Robert Veenstra oanspand hiene tsjin Voetbal International en haadredakteur Johan Derksen giet freed net troch. Hearrenfean lit witte dat de rjochtsaak oanhâlden wurdt, omdat beide partijen besykje sille de saak 'in der minne' te skikken.
VI en Johan Derksen wiene foar de rjochter dage fanwege in artikel yn VI en Derksen syn útspraken yn it programma VI by RTL. Neffens Derksen soe Robert Veenstra boekhâldkundige trúkjes tapast ha om de finansjele problemen fan de klup ôf te skowen.
Ek soe Veenstra ûnterjochte sein ha dat de klup by syn oantreden yn 2010 hast fallyt wie.