Fia rjochtbank nei pornosites

De rjochtbank yn Ljouwert fersommet nammen fan websiden mei berneporno út syn útspraken te heljen. Dat seit it televyzjeprogramma EenVandaag. Rjochtbanken binne sûnt 2008 ferplichte de nammen fan de siden út útspraken te ferwiderjen, foardat dy publisearre wurde. Net allinne Ljouwert hat dat net dien, ek oare rjochtbanken yn Nederlân binne tekoart sketten.
EenVandaag fûn 40 útspraken dêr't nammen fan websiden mei berneporno yn stienen. Dy binne no allegear fuorthelle.
Neidat it programma kontakt hân hie mei de rjochtbanken, fûnen dy sels ek nochris 40 útspraken dêr't nammen yn stienen.