Nominaasjes foar Kroanappels

Marsum is mar leafst trije kear nominearre foar de ferkiezing fan Kroanappels fan Oranje. Dêrmei kin ta gelegenheid fan de troanwiksel 50.000 euro wûn wurde by it Oranjefûns foar it bêste sosjale inisjatyf. Marsum docht mei mei de Stichting 'De Krobbe derút', mei De Bôlekoer, in bakkerswinkel dy't mei opset is troch Doarpsbelang. En ek it nije sosjale doarpsplein is nominearre.
Kommend wykein kin der stimd wurde foar de ferkiezing. Alle nominaasjes steane op de webside.