Jumbo en Coop winne ferlotting

De Jumbosupermerk yn de wyk De Greiden en de Coop fan Nijhoarne meie mei yngong fan april alle sneintemiddeis fan 16.00 oant 20.00 oere iepen wêze. Dizze twa supermerken hawwe tiisdei de ferlotting fan de gemeente Hearrenfean wûn. Der wiene mei-inoar seis gadingmakkers foar de iepenstelling op sneintemiddei en der wie mar plak foar twa. De fjouwer oare supermerken fiskje no foarearst achter it net.
De gemeenteried fan Hearrenfean moat noch wol grien ljocht jaan foar it winkeljen op snein. De ried sil hjir oer prate op 25 maart.