Stasjonsbrêge Frjentsjer iepen

Stasjonsbrêge Frjentsjer
De Stasjonsbrêge yn Frjentsjer oer it Van Harinxmakanaal stiet fan 18 oant 22 maart hyltyd iepen. Foar it autoferkear sil de brêge stremd wêze. De provinsje fiert in reparaasje út oan it ophelmeganisme fan de brêge. Der sitte skuorren yn de saneamde heugelstangen, dy't de brêge ophelje moatte.
De beropsfeart en de oare boaten kinne der wol trochhinne farre, mooglik mei wat fertraging. It autoferkear sil omlaat wurde; foar fuotgongers en fytsers sil der in pontsje farre oer it kanaal.