Oerfal op bedriuw foarkommen
De plysje tinkt in oerfal foarkommen te hawwen op in bedriuw op 'e Jouwer. De plysje wol net sizze om hokker bedriuw it giet, út feilichheidsoerwagings. It personiel fûn juster in kamera yn in hage op it terrein. Dy wie sa pleatst, dat de yngong fan it bedriuw goed yn byld wie. De kamera is oan de plysje jûn. De kamera wie op ôfstân betsjinne.
Nachts hat de plysje de saak yn de gaten hâlden. De kamera waard troch in man fuorthelle. De plysje hat him achterhelle mar koe him net oanhâlde, omdat der noch gjin sprake wie fan in strafber feit. It bedriuw stiet foarearst ûnder tasicht fan de plysje.