Poalen oppakt foar stellerij

De plysje op It Fean hat mei dank oan alerte tsjûgen moandei twa Poalen fan 23 en 31 jier oanhâlde kinnen op fertinking fan stellerij. De bestelbus en it ynbrekkersark binne yn beslach nommen. Tsjûgen bellen de plysje doe't se it duo op de Poststrjitte dwaande seagen mei it wikseljen fan kentekenplaten.
De plysje ûntduts de bus letter op de Pastoriedwarsstrjitte en folgen de bus. Op de A32 by Stienwyk waarden de Poalen oan de kant setten. De kentekenplaten dy't de mannen fan de bus helle hiene, blieken fan in auto út Wurdum te kommen.
De eigner hat oanjefte dien. De fertochten binne oerbrocht nei it buro en dêr ynsletten foar neier ferhoar.