Feanwâlden foar weryndieling
Yn Feanwâlden en omkriten lykje de ynwenners ree foar in gemeentlike skaalfergrutting. Oft dat barre moat troch in weryndieling mei oare gemeenten of in amtlike fúzje is net dúdlik.
Yn Feanwâlden wie moandei de earste fan trije gearkomsten oer de takomst fan Dantumadiel. Ynwenners kinne meiprate oer trije opsjes: selsstannich bliuwe, in amtlike fúzje of in folsleine fúzje. De earste is foar de Feanwâldsters gjin opsje. Guon ynwenners wiene der foar om Dantumadiel te ferdielen oer oare gemeenten.