Sulver foar Knegt op 1000 m.
Shorttracker Sjinkie Knegt hat snein by it WK shorttrack yn it Hongaarske Debrecen it sulver pakt op de 1000 meter. De Bantegeaster moast yn de finale allinnich de Súd-Korean Sin Da Woo foargean litte. It is de tredde yndividuele medalje foar Nederlân sûnt 23 jier. Sneon pakte Freek van der Wart it brûns op de 500 meter. Snein wie der ek al sulver by de froulju foar Jorien ter Mors op de 1000 meter.
Op de ôfslutende 3000 meter waard Knegt fjirde. Dêrmei einige de Bantegeaster op it fyfde plak yn it einklassemint.
Letter op de dei stiet de finale fan de ôflossing op it programma.