Man ramt auto's yn Drachten

In 35-jierrige man út Wynjewâld is sneon yn Drachten oanhâlden, neidat er ferskate oanridingen feroarsake hie. De man ried nei alle gedachten ûnder ynfloed fan drugs tsjin auto's oan dy't foar him rieden, dy't op har beurt wer tsjin oare auto's oanbotsten. Mei-inoar rûnen sân auto's skea op. Uteinlik helle in man dy't sels ek yn syn auto oanriden wie, de fertochte út syn auto, mei help fan omstanners. De plysje hat him meinaam nei it buro.