Harkiten ferjitte te skoaren

Harkemase Boys hat sneon teloarstellend mei 2-1 ferlern fan WHC. Yn Wezep kamen de Boys nei in lyts healoere spyljen op efterstân. Fiif minuten letter stie ek de 2-0 op it skoareboerd. Robin Huisman de Jong wie krekt foar rêst ticht by de 2-1, mar syn skot waard keard troch de keeper.
Nei it skoft brocht Jordy van Wijk de spanning yn de 74e minút werom yn de wedstriid mei syn oanslutingstreffer. De Boys krigen dêrnei genôch hûndert prosint kânsen, mar lieten it nei om de lykmakker te meitsjen.