Neier ûndersyk deade Snitser
De plysje wit noch net hoe't de man om it libben kommen is dy't freed yn Snits fûn is. Hy waard dea yn in wenning oan de Parkstrjitte oantroffen. By it Nederlands Forensisch Instituut yn Den Haag wurdt sneon ûndersyk dien. It slachtoffer hie letsel mar it is net dúdlik oft dit laat hat ta it ferstjerren. De identiteit fan de man is noch net fêststeld. De fertochte, in Snitser (26), dy't freed oanhâlden is, wurdt fierder heard. In team fan goed 20 resjersjeurs wurket oan de saak. Se dogge ûnder oare buertûndersyk en yn de wenning.