Nederlân wint efterfolging
De Nederlânske reedriders en rydsters ha freedtejûn yn Thialf it wrâldbekerseizoen op it ûnderdiel efterfolging ôfsletten mei in oerwinning. De manlju wûnen dit seizoen alle fjouwer wedstriden en dêrmei it klassemint. Sven Kramer, Koen Verweij en Jan Blokhuijsen rieden yn Thialf in tiid fan 3.40.64. Dêrmei bleaun it trijetal Súd-Koreä (3.42.69) en Ruslân (3.43.02) foar. By de froulju klokten Marrit Leenstra, Ireen Wüst en Linda de Vries 3.00.50. Kanada waard twadde yn 3.03.30. De froulju waarden ek einwinner.