KNSB en NOC*NSF kieze nije hal

De KNSB en sportkoepel NOC*NSF sille mei-inoar de nije nasjonale reedrydakkomodaasje útkieze. Dat hawwe se freed witte litten. Der binne trije mooglikheden: Thialf op It Hearrenfean, Almere of Zoetermeer.
It reedrydbûn en de koepel sille yn in seleksjeproseduere ien baan útkieze. Biedings moatte foar ein april binnen wêze. Ein maaie wurdt de definitive kar bekendmakke.