Protestaksje Nij Bethanië

Sa'n tritich personielsleden fan soarchynstelling Nij Bethanië yn Tsjummearum ha tongersdeitejûn in protestaksje hâlden by it gemeentehûs yn Frjentsjer. Se binne benaud dat it fersoargingshûs de dupe wurdt fan de besunigingen fan it regear. Dat wol minsken dy't minder swiere soarch nedich ha, net mear yn fersoargingshuzen opnimme litte. Dêrtroch kin de nijbou fan Nij Bethanië net trochgean. Omdat de gemeente Frjentsjerteradiel belutsen is by de kwestje, protestearden wurknimmers tongersdei foarôfgeand oan de riedsgearkomst.
Neffens wethâlder Twerda wol de gemeente him ynsette foar in oplossing foar Nij Bethanië.