Undersyk nei takomst Krûdhof

Der komt in ûndersyk nei de takomst fan de Krûdhof yn Bûtenpost. Der sil benammen sjoen wurde oft de rol fan de gemeente yn de organisaasje fan de botanyske tún minder grut wurde kin. Sa soe de Krûdhof eins sûnder gemeentlike subsydzje fierder moatte. Derfoar is it needsaaklik dat der mear besikers komme. Om dat foarelkoar te krijen wol de gemeente sjen oft der nije aktiviteiten te betinken binne.
De resultaten fan it ûndersyk wurde yn oktober besprutsen yn de ried.