Lemmer moat jild rûnwei hâlde

Dat de nije rûnwei by De Lemmer der foarearst net komt, mei net betsjutte dat de sinten foar de dyk oan Lemsterlân foarby gean. Dat fynt wethâlder Johannes van der Pal fan dy gemeente.
Deputearre Poepjes hat woansdeitejûn besletten om it plan yn te lûken, omdat der in soad krityk op wie. Neffens Van der Pal is it goed dat der nochris nei sjoen wurdt, mar dat moat net betsjutte dat de sinten no earne oars brûkt wurde.