Jansen: ekonomyplan ûndúdlik

Siem Jansen fan de NOM fynt it moedich dat deputearre steaten 300 miljoen euro yn de Fryske ekonomy stekke wolle. Hy fynt de plannen noch wol ûndúdlik. It is lestich
om der as oerheid foar te soargjen dat der nije banen by komme of dat besteand wurk bliuwt, benammen op de lange termyn. Ek duorret it lang foardat dy nije banen der binne. Om op lange termyn wurk te hâlden, moat jild stutsen wurde yn produkten en bedriuwen mei in soad risiko. De NOM besiket de noardlike ekonomy te stimulearjen.