Undersikers helpe fisk dyk oer

Fisk dy't besiket fan it Waad it binnenwetter yn te kommen, krijt dizze maitiid in helpende hân fan it wetterskip. Al twa jier telle 50 frijwilligers twa kear wyks alle fisk dy't ûnderweis is om him fuort te plantsjen. Ek dit jier wurdt dat wer dien, op santjin plakken tusken Den Helder en it uterste puntsje fan Grinslân. Dit jier foar it earst wurdt de fisk ek de dyk oerholpen mei in krúsnet. Doel fan it ûndersyk is der achter te kommen hoefolle fisk it binnenwetter ynlûkt en wêr't se dat dogge. Tsien jier lyn is in selde ûndersyk dien.