Gemeenten: brûk gjin WOZ-buro

Fryske gemeenten roppe minsken op om foaral sels beswier te meitsjen tsjin in te hege WOZ-wearde fan har hûs en net fia in ekstern buro. Dat kin nammentlik soargje foar hegere gemeentebelestingen. Sûnt in pear jier binne der spesjale WOZ-buro's dy't foar partikulieren beswier meitsje tsjin in te hege WOZ-wearde. Tytsjerksteradiel betelle ferline jier 30.000 euro proseskosten oan WOZ-buro's.
WOZme.nl is sa'n buro. Neffens eigener Frits Bolt moat de gemeente better syn wurk dwaan en de WOZ-wearde fuortendaliks goed fêststelle.
Neffens Bolt is it yntsjinjen fan in beswierskrift yngewikkeld en kin in buro as dat fan him dêr by helpe. Tytsjerksteradiel seit dat beswier meitsjen net sa dreech hoecht te wêzen. Efkes in tillefoantsje of delkomme op it gemeentehûs is faak al genôch.