Bliidskip oer Riedhúsplein

Undernimmers oan it Riedhúsplein yn Drachten binne bliid mei de nije plannen foar dit plein. It Riedhúsplein wurdt in eveneminteplein, dêr't ûnder oare de wykmerk plakfine kin. It plein wurdt oanklaaid mei bankjes, beammen en ferljochte tegels.
Der komme ek tydlike parkearplakken op it plein, en fral dêroer binne de winkellju goed te sprekken. It Riedhúsplein wie it ôfrûne jier de grutste bouput fan Fryslân. Der is in nije parkeargaraazje boud. De ûndernimmers binne moandeitejûn ynformearre oer de plannen.