Wer wurkûnderbrekking by Prins

Staking Prins Dokkum © Omrop Fryslân, Alle Faber
De fakbûnen roppe it personiel fan Prins Dokkum op om tiisdei om 13.00 oere it wurk opnij in skoftke del te lizzen. Moandei en freed diene se dat ek al. Doe waard der de hiele dei staakt. It personiel fiert aksje tsjin it foarnimmen om de produksje oer te bringen nei it bûtenlân, 34 fan de 39 wurknimmers soene dêrtroch har baan ferlieze.
De fakbûnen organisearje tiisdei in foarljochtingsbyienkomst foar it personiel yn de IIsherberch yn Dokkum. Dy giet oer de gefolgen fan de wurkleazens foar it pensjoen.