Oranjefonds siket goede ideeën

It Oranjefonds siket ta gelegenheid fan de ynhuldiging fan kening Willem bysûndere sosjale inisjativen. It giet om in spesjale edysje fan de jierlikse Appeltjes van Oranje. Willem-Alexander en Máxima binne de beskermers fan it Oranje Fonds dat ynsteld is doe't se trouden.
Der binne trije kategoryen dêr't ideeën foar yntsjinne wurde kinne: jeugd, buert en helpende hân. Foar de trije bêste inisjativen leit 50.000 euro klear en in brûnzen byldsje. De ideeën moatte dizze wike oanmeld wurde. It wykein dêrop kin stimd wurde op de ideeën.