Winst Van Lunzen en Kassenberg

Hurdrinner Remon van Lunzen fan Ljouwert hat snein Ljouwert-Goutum-Ljouwert op syn namme skreaun. Hy wie fierwei de rapste op de 30 kilometer. Dy rûn er yn 1.43,29. De nûmer twa, Huub Bots fan Ljouwert, folge op goed 13 minuten.
Yvonne Kassenberg fan Ljouwert rûn sterk yn Alphen oan de Rijn. Se wie de rapste frou yn har leeftiidskategory. Se rûn de 20 kilometer yn in tiid fan 1.14,10.