Ynbraak tankstasjon Terwispel

Sneintenacht tsjin 2 oere hat der in snelkreak plakfûn by in tankstasjon oan de Koaibosk yn Terwispel. De dieders hawwe mei stiennen in rút ynsmiten en binne der sa yngien. Ut de saak is in noch ûnbekend tal pakjes sigaretten stellen. De plysje ûndersiket de ynbraak.