Parkeargaraazje Saailân bêste

De parkeargaraazje ûnder it Saailân yn Ljouwert is de bêste fan Nederlân. Dat is de útkomst fan de Nationale Parkeerstest 2013. Foar dy test waarden 80 parkeargaraazjes yn 28 stêden ûndersocht. Neffens de ûndersiker skoart de parkeargaraazje ûnder it Saailân ûnder oare goed omdat de tariven dit jier net ferhege binne en der per trije minuten ôfrekkene wurde kin.
Boppedat foarmet de garaazje neffens de ûndersiker in dúdlik fisitekaartsje foar it winkelsintrum der boppe. De Nationale Parkeertest is in inisjatyf fan Detailhandel Nederland.