Follybalsters ûnderút yn Weert

Follybal Snits © awfoto.nl
De follybalfroulju fan Snits ha sneon it gefjocht op it twadde plak yn de DELA earedivyzje mei 3-1 ferlern fan Weert. De Snitser froulju begongen goed oan de wedstriid en wûnen de earste set mei 17-25. Dêrnei kantele de wedstriid.
Weert wûn de twadde set mei mar leafst 25-9. Ek yn de tredde en fjirde set woe it net echt spannend mear wurde. Mei 25-22 en 25-18 sleepten de Limboargers úteinlik de winst oer de streek.
Snein komme de follybalfroulju fan trainster Petra Groenland opnij yn aksje. Dan komt koprinner Sliedrecht Sport yn Snits op besite. Snits stiet mei 40 punten út 20 wedstriden op it tredde plak. Sliedrecht Sport giet oan de lieding mei 53 punten, folge troch Weert mei 43 punten.