Heechste skoare foar Excelsior

Op it konsertkonkoers fan de Organisaasje fan Muzykferienings yn Fryslân yn Drachten hie brassband Excelsior út Ferwert sneon de heechste skoare. Excelsior helle 88,58 punten en dat is goed foar in 1e priis mei rjocht op promoasje. Ek fanfare Hâld Moed út Easthim en de Bazuin fan Stiensgea hellen in earste priis mei rjocht op promoasje.
Yn de 1e divyzje brassband helle Pro Rege in 1e priis mei in skoare fan 85,75 punten. Oan it konsertkonkoers fan de OMF waard meidien troch tolve muzykferienings út Fryslân en twa út Grinslân.
Mei-inoar stiene mear as 450 muzikanten yn fiif divyzjes op it poadium fan De Lawei. It konsertkonkoers is opnommen troch Muzyk Maskelyn en wie ek live te hearren op Omroplive.nl. Fan dy mooglikheid hawwe sa'n tûzen muzykleafhawwers gebrûk makke.