Jan Smeekens wer de bêste

Jan Smeekens hat yn Erfurt wer ris sjen litten dat hy op dit stuit de bêste 500 meter rider is. De Sallander dy't al jierren yn Snits wennet, wie mei 35.06 de rapste by de wrâldbekerwedstriid. Joji Kato fan Japan waard twadde yn 35.16, Ronald Mulder tredde yn 35.28.
Foar Jan Smeekens wie it de fjirde oerwinning fan it seizoen op de 500 meter yn it wrâldbekersirkwy. Snein wurdt de twadde 500 meter riden. De belangen binne grut omdat der startplakken foar it WK ôfstannen oer trije wike yn Sotsji te fertsjinjen binne.