Fakbûn wol sosjaal plan SiSa
De fakbûnen wolle dat der in sosjaal plan komt foar meiwurkers fan berneopfangorganisaasje Sisa. Troch in reorganisaasje ferdwine 118 fan de goed 300 banen. De direksje seit dat der gjin jild is foar in sosjaal plan. De bûnen binne it dêr net mei iens en fine dat Sisa se te let ynformearre hat.