Auto stellen stasjon Wolvegea

In 35-jierrige man út Munnekebuorren hat tongersdei oanjefte dien fan in stellen auto. De man hie syn auto oan it begjin fan de middei by it NS stasjon yn Wolvegea parkeard. Mar doe't er omtrint tsien oere jûns werom kaam wie de Renault ferdwûn.