Wetterbedriuw nei Fryslân

Wettertechnologybedriuw Bucon Industries út Rijswijk ferhuzet fan Súd-Hollân nei Fryslân. It bedriuw komt by de Wetter Kampus yn Ljouwert. Doel is om fia de wurkmaatskippij Dutch Water Partners fierder te groeien en mear omset en wurk te kreëarjen. It ekstra wurk soe mooglik inkele tsientallen nije wurkplakken opsmite kinne. Neffens direkteur Peter Bulsing is Ljouwert in nijsgjirrige lokaasje foar syn bedriuw om't de Fryske haadstêd bekend stiet as it sintrum fan de wettertechnology.