Man driget mei koefoet

De plysje hat tongersdei op de Suderskâns yn Dokkum in 63-jierrige ynwenner fan dy stêd oanhâlden. De man soe in 66-jierrige automobilist út Marrum bedrige hawwe mei in koefoet. Dat wie nei in ferkearsrûzje. De plysje koe de Dokkumer opspoare en hat op it buro proses-ferbaal tsjin him opmakke.