Hemmen net by Cambuur

Michiel Hemmen spilet freed net by Cambuur yn de útwedstriid tsjin FC Dordrecht. De spits hat de gryp hân en is noch net fit genôch om te spyljen. Syn ferfanger is Martijn Barto. Ek Martijn van der Laan komt werom fan in grypke en ek hy kin net spylje. Hy wurdt ferfongen troch Tim Bakens. Lucas Bijker wie ek siik, mar hy start wol yn de basis. De rest fan de ploech is fit. Trainer Alfons Arts lit, útsein de sike spilers, de basis yntakt, dy't ôfrûne freed ek spile tsjin FC Den Bosch.
De opstelling fan Cambuur: Telgenkamp; Droste, Bakens, Dijkstra, Bijker; Keurntjes, El Makrini, Bakker; Schokker, Barto, Tigadhouini.