LTO: noed oer oanpak guozzen

LTO-Noord foarsjocht problemen mei it betelber bliuwen fan de nije provinsjale oanpak fan guozzen. Dy nije oanpak is in útwurking fan in akkoart tusken alle provinsjes, natuerbehearders en de boeren. Yn desimber wie it idee om al dizze moanne te begjinnen mei it beheinen fan it tal guozzen dat hjir it hiele jier sit. Dat moast noch foardat guozzen pearje. Neffens LTO Noord is dat net slagge. As de provinsje te let yn aksje komt, is der ekstra jild nedich om't de skea troch guozzen net genôch ôfnimt.