Hans de Jongwei op De Gordyk
De nije rûnwei om De Gordyk hinne kriget de namme Hans de Jongwei. De gemeente Opsterlân giet yn op de winsk fan in tal ynwenners fan it doarp om de nije dyk te ferneamen nei De Jong.
Hans de Jong wie ûnderwizer, skriuwer, mar benammen bekend as waarman fan Omrop Fryslân. Hans de Jong ferstoar ein 2010.