Rekôrtal besikers op Flylân

Mei mear as 181.000 besikers hat Flylân in rekôrtal minsken lutsen yn 2012. Dat komt mei troch de aktiviteiten dy't op it Waadeilân hâlden wurde lykas it festival Into The Great Wide Open, mar ek lytsere aktiviteiten dy't troch ûndernimmers organisearre wurde.
De tillevyzjesearje Dokter Deen hat ek holpen, tinkt wethâlder Henk Visser fan Flylân. Fierders is it slach minsken dat nei it eilân giet, hiel trou en hawwe sy wat mear jild om hannen as oare minsken. Foar 2012 wie 2009 it topjier foar Flylân. Doe waarden goed 176.000 gasten teld.