SC Cambuur wer net yn aksje

De bus mei spilers en technyske stêf fan Sportklup Cambuur is net mear ûnderweis nei Sittard, mar keart werom nei Ljouwert. It fjild fan Fortuna Sittard is moandeitejûn net te bespyljen. Dat die bliken doe't it fjild om 11 oere keurd waard. It is net de earste kear dit seizoen dat in wedstriid fan de Ljouwerters net trochgean kin. De ploech dy't fan 'e moarn om healwei tsienen ôfsette nei it suden fan ús lân, sil aanst yn Fryslân traine.