Stroomsteuring yn Deinum e.o.

Sa'n 400 húshâldings yn Deinum, Marsum en Boksum hawwe sneintemoarn in skoft sûnder stroom sitten. Neffens stroomnetbehearder Liander lei de oarsaak yn in skeakelstasjon yn Deinum, dat útfallen wie. De steuring begûn om healwei sânen, om kertier foar njoggenen hinne hiene alle adressen wer stroom.
It bedriuw docht noch ûndersyk nei de oarsaak fan it útfallen fan it skeakelstasjon.