Mishanneling op de Weaze

Twa manlju út Ljouwert binne sneontemoarn betiid oanhâlden foar mishanneling fan in 42-jierrige man út Harns. It slachtoffer krige sûnder oanlieding klappen fan it twatal doe't er in pân op de Weaze ynrûn. Dêrneist waard ek jild út syn beurs wei stellen. Op it momint fan de mishanneling ried der krekt in plysje by it pân del. It twatal koe dêrtroch fuortendaliks oanhâlden wurde.