Bankoplichter oanhâlden

In man út Haskerdiken is freedtemoarn oanhâlden op fertinking fan oplichting. De 45-jierrige ynwenner soe rommele hawwe mei it ynfoljen fan bankformulieren. De bank hat oanjefte dien tsjin de man.
De fertochte is oerbrocht nei it plysjeburo. Tsjin de man is proses-ferbaal opmakke.