Banen fuort by Accare

Ynstelling Accare foar berne- en jeugdpsychiatry heft tweintich banen op. Reden dêrfoar binne de besunigings yn de geastlike sûnenssoarch en de koartings dy't soarchfersekerders trochfiere. It budzjet fan de ynstelling is dêrtroch it ôfrûne jier mei tsien persint tebekrûn. Accare skrast foaral banen bûten de direkte soarch foar pasjinten om. De organisaasje stribbet dernei dat der gjin twongen ûntslaggen falle.
Accara wurket op 25 lokaasjes yn de fjouwer noardlike provinsjes. Der binne mear as tsientûzen bern yn behanneling.