'Ynnovaasjejild nei boeren'

It Europeeske jild dat útlutsen is foar de ynnovaasje yn de lânbou moat benammen op de boerebedriuwen sels ynset wurde. Mei dy oprop komme de provinsjes en boere-organisaasje LTO. Yn de nije begrutting fan de Europeeske Uny is dêr goed 1,6 miljard euro foar beskikber.
Neffens de opstellers fan de brief moat dat jild net ynset wurde foar fierder ûndersyk op bygelyks universiteiten en yn laboratoaria, mar moatte boeren der sels mei oan de slach kinne. Bygelyks om it eigen bedriuw duorsumer te meitsjen.