Hôf:mear ûndersyk saak Reidsma

Der moat neier ûndersyk dien wurde nei it ûngelok dêr't Eeuwke Reidsma út Ljouwert yn 2011 by om it libben kaam. Dat hat it gerjochtshôf woansdei sein. It hôf behannelet it heger berop, dat troch de fertochte yn de saak en it Iepenbier Ministearje oanspand is. Neffens it gerjochtshôf is ûnder oare noch ûndúdlikheid oer hoe hurd de auto ried dêr't de fertochte de fytsende Reidsma rekke. De fertochte is earder feroardiele ta fiif jier selstraf en fiif jier rydûntsizzing. De dochter fan Reidsma rekke by it ûngelok swier ferwûne.
Wannear't it heger berop in ferfolch krijt, is noch net dúdlik.