Skea asbest net fergoede

Ljouwert krijt de skea fan it asbest yn de âlde parkeargaraazje ûnder it Saailân net fergoede. It asbest kaam by de sloop yn 2009 oan it ljocht. De gemeente stelde it buro dat de ynventarisaasje dien hie oanspraaklik foar de skea fan twa miljoen euro. In arbitraazjekommisje joech de gemeente wol gelyk, mar likegoed is der neffens har gjin sprake fan ûnsoarchfâldichheid. It buro moat de gemeente derom allinnich de opdrachtsom betelje, in bedrach fan 3700 euro. Wethâlder Henk Deinum fan Ljouwert is teloarsteld oer de útspraak.