Dokkumer pakt foar himpkweken

In Dokkumer (44) is moandei oanhâlden op fertinking fan it kweken fan himp en it hawwen fan 900 gram hennep. De plysje hie in anonime tip krigen oer in kwekerij yn in loads. Dêr binne resten fan in kwekerij en apparatuer fûn. De elektrisiteit waard yllegaal ôfnaam. De man hie twa auto's dy't de plysje yn beslach naam hat. Tsjin de fertochte is proses-ferbaal opmakke.