Ljouwerter mei dea bedrige

De plysje hat tiisdeitejûn yn Ljouwert in man fan 72 oanhâlden. De man bedrige in buertgenoat mei de dea. Dat wie oan de Holwortel yn de wyk Aldlân. De man dy't bedrige waard, hat oanjefte dien by de plysje. De fertochte is meinommen en ynsletten.