Eigener nep Fabergé-aai socht

De plysje is op syk nei de eigener fan in Fabergé-aai. It pronkaai is by in hûssiking troch de plysje meinommen, mooglik is it by in ynbraak bút makke. It giet om in nep-aai. Fan orzjinele Fabergé-aaien binne noch mar 42 yn omrin, en dy binne miljoenen it stik wurdich.