Suvelkoöperaasje siket boeren

De suvelkoöperaasje Noorderlandmelk siket yn Fryslân, Grinslân en Drinte boeren om molke te leverjen foar de nij te bouwen tsiisfabryk fan tsiisfabrikant A-ware op It Hearrenfean. De kommende tiid kinne boeren op húskeamergearkomsten ynformaasje krije oer de leveringsbetingsten by Noorderlandmelk.
Neffens de foarsitter fan de koöperaasje, Ad van Velde, hoecht suvelbedriuw FrieslandCampina him gjin soargen te meitsjen oer konkurrinsje. Derfoar is Noorderlandmelk fierstente lyts.
De fabryk fan A-ware moat ein dit jier klear wêze en wol dan 60 oant 80 mln kilo tsiis produsearje.